De moaiste Krystferhalen
Auteurs
Meer over het boek
It hie de hiele dei noch net ljocht west. Hast yn alle húskeamers - oeral gerdinen iepen - brânden de ljochtsjes fan de krystbeam. Der wie suver gjin mins op 'e dyk. Elkenien siet fansels lekker thús en dat joech my in tefreden gefoel. Alle stopljochten sprongen op grien as ik der krekt oanriden kaam en byleauwich as ik bin, tocht ik: sjoch ris oan, alles komt goed.' Sa jout Hylkje Goïnga yn ien kear de sfear wer dy't sa eigen is oan it krystferhaal: bûten mei it kâld en tsjuster wêze, thús is it waarm en ljocht. Der leit net altyd snie yn dizze ferhalen, mar wol binne de minsken op syk nei waarmte, ljocht en selskip. Meastal is dat thús te finen, sa as yn de ferhalen fan Dam Jaarsma, Ypk fan der Fear, Sibe Douwes de Jong en Doeke Sijens. Mar it kin ek wolris bûten wêze: Froukje Annema lit in man by de waarmte en it selskip weirinne om ta in echter ljocht te kommen; Benny Holtrop stjoert in man syn noflik hûs út nei syn eamelige buorfrou ta. Yn 'e ferhalen fan Jacob Noordmans wurdt socht nei hegere wearden en moatte de minsken ek de kjeld yn. Mar se fine allegear wat se sykje. Sfearfol binne de ferhalen fan Reinder Brolsma, Geart Jonkman en Rink van der Velde, dy't yn it ferline spylje en in prachtich byld jouwe fan it eardere libben yn dy lêste dagen fan it jier. Jetske Bilker sammele fjirtjin krystferhalen, dy't earder yn boekfoarm, yn krystbylagen fan kranten of yn tydskriften ferskynd binne.
Een boek kopen
De moaiste Krystferhalen, Jetske Bilker
- Taal
- Jaar van publicatie
- 1996
- Bindwijze
- (Paperback),
- Staat van het boek
- Goed
- Prijs
- € 6,09
Betaalmethoden
Nog niemand heeft beoordeeld.
- Titel
- De moaiste Krystferhalen
- Taal
- Andere taal
- Auteurs
- Jetske Bilker
- Uitgever
- Fryslân/Afûk
- Jaar van publicatie
- 1996
- Formaat
- Paperback
- ISBN10
- 9070098571
- ISBN13
- 9789070098575
- Reeks
- Tags
- Aantekening
- It hie de hiele dei noch net ljocht west. Hast yn alle húskeamers - oeral gerdinen iepen - brânden de ljochtsjes fan de krystbeam. Der wie suver gjin mins op 'e dyk. Elkenien siet fansels lekker thús en dat joech my in tefreden gefoel. Alle stopljochten sprongen op grien as ik der krekt oanriden kaam en byleauwich as ik bin, tocht ik: sjoch ris oan, alles komt goed.' Sa jout Hylkje Goïnga yn ien kear de sfear wer dy't sa eigen is oan it krystferhaal: bûten mei it kâld en tsjuster wêze, thús is it waarm en ljocht. Der leit net altyd snie yn dizze ferhalen, mar wol binne de minsken op syk nei waarmte, ljocht en selskip. Meastal is dat thús te finen, sa as yn de ferhalen fan Dam Jaarsma, Ypk fan der Fear, Sibe Douwes de Jong en Doeke Sijens. Mar it kin ek wolris bûten wêze: Froukje Annema lit in man by de waarmte en it selskip weirinne om ta in echter ljocht te kommen; Benny Holtrop stjoert in man syn noflik hûs út nei syn eamelige buorfrou ta. Yn 'e ferhalen fan Jacob Noordmans wurdt socht nei hegere wearden en moatte de minsken ek de kjeld yn. Mar se fine allegear wat se sykje. Sfearfol binne de ferhalen fan Reinder Brolsma, Geart Jonkman en Rink van der Velde, dy't yn it ferline spylje en in prachtich byld jouwe fan it eardere libben yn dy lêste dagen fan it jier. Jetske Bilker sammele fjirtjin krystferhalen, dy't earder yn boekfoarm, yn krystbylagen fan kranten of yn tydskriften ferskynd binne.



